Benjamin Kok wint fjildrin Snits

13 des 2004 - 12:27

It iepen Noardlik kampioenskip fjildrin yn Snits is snein wûn troch Benjamin Kok. Hy is lid fan Impala yn Drachten. De wedstriid gong by de manlju oer 9 kilometer. Der diene 42 hurdrinners mei.

De wedstriid oer 4,5 km by de froulju is wûn troch Maaike Hornstra fan Sint Jabik. Sy rint foar SV Friesland. Der diene mar 17 froulju mei. It lege dielnimmerstal hie te krijen mei de Adventure Cross sneon op It Amelân. Dêr diene 800 hurdrinners oan mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)