KC Boutiette wint maraton Utert

© Omrop Fryslân
KC Boutiette bliuwt klassemintslieder by de reedrydmaraton Greenery Six. De 34-jierrige Amerikaan wûn sneon yn Utert ek de fyfde etappe fan de Greenery seisdagemaraton. Hy bleau Roel van Hest en Cedric Michaud foar. Earder dizze wike skreau er al trije ritten op syn namme.
Jeroen de Vries fan Sint Nyk waard sneon sande. De finale fan de Greenery Six wurdt snein ferriden yn Den Haach.