Kening Redbad ferneamdste Fries

© Omrop Fryslân
Kening Redbad is freed keazen ta de ferneamdste Fries ea. De kening dy't libbe yn de iere Midsieuwen, wie de winner fan in ferkiezing dy't troch de studinteferiening Bernlef yn Grins betocht wie. Redbad krige 900 fan de 3500 stimmen.
Redbad wie in heidense kening dy't neat hawwe moast fan kristenen. Hy stoar yn 716. Op it twadde plak einige Grutte Pier út Kimswert en tredde waard stjerrekundige Eise Eisinga.