Enkête oer bebouwing Drylts

12 des 2004 - 14:16

De ynwenners fan Drylts meie har útsprekke oer de bebouwing fan it eardere fabryksterrein oan de Eegrêft. Dat kin fia in enkête fan Stedsbelang Drylts. Nei lang praten is it betongebou yn Drylts sloopt en wurdt it 'giele-stientsje-gebou' opknapt.

Troch de omstriden sloop fan de skoarstien fan it eardere Nooitgedagtfabryk komt der ekstra rûmte frij. De gemeente wol dêr in hûs bouwe, mar guon wolle leaver in pleintsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)