Wenhûs yn Wergea útbaarnd

© Omrop Fryslân
In wenhûs oan de Kasjestrjitte yn Wergea is yn de nacht nei sneon útbaarnd. By de brân rekke net ien ferwûne. It fjoer is nei alle gedachten tusken 03.00 en 04.00 oere ûntstien. In gebou njonken de wente rûn flinke reek- en wetterskea op.
De bewenners fan de troffen wenten koene net werom nei har huzen. Se binne ergens oars opfongen. Wat de oarsaak west hat fan de brân is net bekend. De technyske resjerzje ûndersiket dat noch.