'Prins seach om nei feteranen'

© Omrop Fryslân
Der soe wer in prins komme moatte dy't nei de feteranen omsjocht. Dat fynt Minne Vis fan Stiens. Hy is de foarsitter fan feterane-organisaasje VIMO en hy wie sneon oanwêzich by de begraffenis fan prins Bernhard.
Prins Bernhard makke him fanôf de Twadde Wrâldoarloch oant in pear wike ferlyn sterk foar soldaten dy't yn oarlochssituaasjes west ha. Vis fynt dat dat om omtinken freget fan de Oranjes.