Ferhuzing frachtauto's Jistrum
In konfoai fan mear as fyftich frachtauto's wie sneontemiddei te besjen by Jistrum. It gong om in ferhuzing fan ferfiersbedriuw Combex. De frachtauto's riden achter inoar fan Jistrum nei it yndustryterrein by Eastermar, in pear kilometer fierderop.
Dêr stiet it nije ûnderkommen fan ferfiersbedriuw Combex. Yn Jistrum wiene se út har jaske groeid en krigen se gjin fergunning mear. It bedriuw kin no eventueel trochgroeie nei 100 auto's.