Undersyk nei oalje Snekertrekweg

11 des 2004 - 16:25

Wetterskip Fryslân docht ûndersyk nei oaljefersmoarging yn it wetter by de Snekertrekweg yn Ljouwert. Earder sneontemoarn waard dêr it âlde cruiseskip Delta Queen fuorthelle. It skip is fia it Van Harinxmakanaal nei Frjentsjer brocht foar in opknapbeurt.

Yn de nacht fan moandei op tiisdei waard de Delta Queen boppe wetter helle. De boat wie koartlyn sonken. It is noch ûndúdlik hoefolle oalje yn it wetter kommen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)