Fiadukt yn spoar by Frjentsjer

© Omrop Fryslân
As it oan deputearre Ton Baas leit komt der in fiadukt by de spoarwei-oergong by bedriuweterrein De Kie yn Frjentsjer. In fiadukt yn it spoar tusken Ljouwert en Frjentsjer kostet in 4,5 miljoen euro en is de helte goedkeaper as in tunnel.
De provinsje woe earst in lykflierske spoaroergong, mar dat mei net fan minister Peijs. Deputearre Steaten komme no mei dizze folle djoerdere oplossing.