Fryske skoalle net goed, net min

© Omrop Fryslân
Fryske skoallen yn it fuortset ûnderwiis hearre net by de toppers yn Nederlân. Dat docht bliken út de jierlikse enkête fan it deiblêd Trouw. By de bêst prestearjende skoallen is net ien Fryske skoalle werom te finen. De bêste skoallen steane benammen yn de Rânestêd en it Suden.
Lykwols is der ek gjin Fryske skoalle te finen op de list dy't it net goed dogge. Fan de 16 havo-ôfdielingen skoart in tredde part negatyf.