Gjin jild foar Kleurryk Fryslân

© Omrop Fryslân
It platfoarm libbensbeskôging yn Kleurryk Fryslân is poer op de provinsje. Deputearre Ploeg beskuldiget it platfoarm fan kontraktbreuk en hat dêrom de subsydzje stopset. Kleurryk Fryslân moast dat beslút fernimme út de parse.
By Kleurryk Fryslân wisten se net better as dat sy ek takom jier stipe krije soene. De steaten hiene har dêr foar útsprutsen. It beslút fan Ploeg komt dan ek ûnferwachte.