Brânwacht beheint kontrôles

© Omrop Fryslân
De brânwacht yn Noardeast-Fryslân hat te min minsken om hoareka en tsjerken mei krysttiid te kontrolearjen op brânfeiligens. Sy beheine de kontrôles ta plakken dêr't minsken oernachtsje.
Nei de ramp fan Volendam jilde strange regels foar krystfersiering en kersen yn iepenbiere romtes. Dy moatte yn feite opfolge wurde en der binne genôch folders en ynformaasjemateriaal om minsken deroan te herinnerjen. Mar fan kontrôle kin it net altyd komme.