Onlü woe Rushdie dea meitsje

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter imam Mustafa Önlü hat yn 1989 by in demonstraasje tsjin skriuwer Salmon Rushdie sein dat moslims it rjocht ha om de skriuwer dea te meitsjen. TV-programma 'Andere tijden' liet koartlyn in âld-Journaalfragmint sjen, wêryn't de imam dat seit.
De útspraak fan Önlü stiet heaks op it inisjatyf fan de imam om mei dûmny Corry Nicolai kristenen en moslims mear begryp en respekt oer elkoar by te bringen.