Boargemaster Flylân hâldt op

11 des 2004 - 10:08

Boargemaster Van der Mark fan Flylân stapt op. Dat hat er freed bekendmakke, flak foar in ekstra riedsgearkomste. De ried soe prate oer de werbeneamingsproseduere.

Van der Mark leit 1 july 2005 syn funksje del. Hy kin him net fine yn it nije dualismesysteem yn de ried. Fierder hat er ek swierrichheden mei de keazen boargemaster. Van der Mark hat tolve jier boargemaster op it eilân west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)