Sonac stjonkt minder

© Omrop Fryslân
De provinsje is tefreden oer Sonac. It slachtferwurkingsbedriuw yn Sumar hat genôch dien om de stankoerlêst te ferminderjen. Dat sei deputearre Baas freed by de presintaasje fan in rapport oer de oerlêst.
De provinsje hat de stankoerlêst seis kear kontrolearre, sûnder dat yn it foar oan te kundigjen. Fjouwer kear wie it boppe de noarm. De provinsje hat gjin twangsom oplein. It tal klachten fan omwenners is flink ôfnommen.