Straffen foar hennepkwekers

10 des 2004 - 16:48

De rjochtbank yn Ljouwert hat freed sân Ljouwerters feroardield foar it yn besit hawwen en kweken fan hennep. Se moasten foarkomme om't se yn maart oppakt binne by in grutte ynfal yn de Wielepôle. Fjouwer oaren moatte letter foarkomme. Se soenen in belangrike rol spile ha as soarte fan liedingjaanden.

De heechste straf wie foar in man (36). Hy krige trije wiken sel ûnder betingst en 100 oeren wurkstraf. Ek moat er 4000 euro werombetelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)