Tsjerken net kontrolearre

10 des 2004 - 15:25

Tsjerken yn Noardeast-Fryslân wurde net kontrolearre op brânfeilichheid. De brânwacht hat gjin minskkrêft om dat te dwaan. Faak binne tsjerkebestjoeren net op de hichte fan de easken foar feilichheid. Mei de Krysttiid wurde tsjerken oanklaaid mei mooglik brângefaarlike fersiering.

De brânwacht leit de prioriteit by hoarekagebouwen der't ek oernachte wurde kin. Pas yn 2005 kin nei oare gebouwen sjoen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)