Man oanhâlden fanwege wapenbesit

© Omrop Fryslân
In 26-jierrige man fan It Hearrenfean is oppakt. Hy hannele yn fjoerwapens en hie se ek yn besit. De plysje hat ek twa manlju út it Drintse de Wijk en twa manlju út Meppel oppakt. De mannen soenen allegear lid wêze fan in kriminele organisaasje. By hûssikings waarden mei elkoar trije pistoalen fûn.
De oanhâldingen binne dien nei moannenlang ûndersyk fan de plysje IJsselland. It resjerzjeteam tinkt mear minsken oanhâlde te kinnen.