Snits wiis mei eigen Sint op tv

10 des 2004 - 14:47

De oankomst fan Sinteklaas yn Snits mei takom jier wol wer streekrjocht op televyzje útstjoerd wurde. Dat fine de ynwenners fan Snits, sa docht bliken út in enkête fan 'e gemeente. De oankomst fan Sinteklaas yn 'e wetterpoartestêd wie heal novimber foar it earst live te sjen op Omrop Fryslân televyzje. Dat wie op inisjatyf fan 'e gemeente Snits.

De Snitsers hawwe dat tige wurdearre, sa docht no bliken. Hast trijekwart fynt dat it noch wolris kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)