Alde Feanen: status oanfreegje

© Omrop Fryslân
Nasjonaal park De Alde Feanen kin lang om let in offisjele status oanfreegje. Alle belutsenen stimden tongersdei yn mei de offisjele oanfraach. Pleatslik Belang woe perfoarst in plak ha yn it nije bestjoer fan it park. Dêrtroch stapte earder it bestjoer op.
Nei tasizzings fan de provinsje en it ministearje fan lânbou gie it nije bestjoer akkoart mei in tekst dêr't de âlde bestjoersleden mei oare partijen twa jier oan wurke hienen.