Wetternamme oer grins ferfryskje

10 des 2004 - 12:18

It kolleezje fan Snits wol de nammen fan wetters oer de gemeentegrinzen hinne ferfryskje. It giet om Broeresloot, de Franekervaart en de Sneeker Oudvaart.

De ried besleat earder de wetternammen binnen de gemeente net te ferfryskjen. Deputearre Steaten hat frege dat beslút wer te besjen. De provinsje wol alle wetternammen yn Fryslân yn it Frysk ha. B en W hâlde fêst oan Sneekermeer om't dy namme bûten Snits sa bekend is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)