Mooglik oare wike wer busstaking

© Omrop Fryslân
De busstaking by Arriva krijt mooglik oare wike in ferfolch. De bûnen riede nije aksjes ta, sa makket it FNV bekend. Arriva wol 62 minsken dien jaan fanwege besunigings. Twongen ûntslaggen wurde net útsletten.
Arrivasjauffeurs giene tongersdei yn staking. Ut Drachten, It Hearrenfean en Easterwâlde rieden gjin bussen. Komt it net ta in akkoart, is de kâns grut dat de bussen oare wike tongersdei opnij yn 'e remize bliuwe.