KC Boutiette wint maraton Assen

10 des 2004 - 11:09

KC Boutiette wûn tongersdei de tredde etappe fan 'e maraton-seisdaagse. Yn Assen ried in kopploech fan 18 man in rûntsje foar it peleton. Boutiette wûn de sprint. Achter Boutiette waard Heideman twadde en Michaud tredde.

Jeroen de Vries waar seisde en stiet no achtste yn it klassemint, dat oanfierd wurdt troch Miel Rozendaal. De Friezen Borst en Van der Veen sieten ek yn 'e kopgroep. By de B-riders wûn Sjoerd Huisman yn Assen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)