Kûgelbrief foar learaar

© Omrop Fryslân
In learling (15) fan it Bogermankolleezje yn Snits is woansdei oppakt foar it stjoeren fan in kûgelbrief. De brief wie bestimd foar syn gymnastyklearaar. Dy fûn de brief moandei tusken syn guod.
Yn it brief stiene fierders misledigings en bedrigings. Dyselde tekst hie de fertochte op ferskate plakken op skoalle ophongen. De jonge hat bekend. Hy hie problemen mei de learaar, sei er tsjin de plysje.