Fean-fans yn aksje yn tún Jans

© Omrop Fryslân
Supporters fan Sportclub Hearrenfean ha woansdeitejûn in besite brocht oan trener Ron Jans fan FC Grins. Under de namme 'Boubedriuw Grutte Pier' ha de Feanfans in bulte boumateriaal yn Jans syn tún dellein. Grutte Pier wol sa de Grinzers wat helpe by it ôfbouwen fan it fertrage nije stadion fan FC Grins.
De fyt hat alles te krijen mei de wedstriid Hearrenfean-Grins. Neffens Grutte Pier kinne de Grinzers in soad leare fan it nije Abe Lenstrastadion.