Aldwâld krijt nij doarpshûs

© Omrop Fryslân
De gemeente Kollumerlân set de plannen foar in nij doarpshûs yn Aldwâld troch. It pjutteplak krijt ek ûnderdak yn it doarpshûs. In groep ynwenners is net bliid mei de plannen om't it doarpshûs boud wurdt neist de kristlike skoalle. De pjutten soene dêrnei earder nei it kristlik ûnderwiis gean.
It doarpshûs en de gemeente hawwe oer de saak oerlein, mar dat is op neat útrûn. De gemeente start in proseduere om de bou trochgean te litten.