Frysk Museum earder op aginda

© Omrop Fryslân
De provinsjale Steatefraksjes moatte earder prate oer de takomst fan it Frysk Museum. Dat fynt de Steatefraksje fan de VVD. Deputearre Steaten binne posityf oer in ferhuzing fan it Frysk Museum nei it Saailân yn Ljouwert.
De Steatefraksjes wurde pas letter om goedkarring frege. De VVD wol it museum lykwols al yn jannewaris op 'e aginda sette. Der is in soad diskusje oer de mooglike ferhuzing nei it Saailân mei jild fan it legaat-Bonnema.