Flechtelingefestival yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Flechtelingeorganisaasje Home on Earth Union yn Ljouwert bestiet tongersdei ien jier. Dat dogge se mei in festival yn Sealen Skaaf, dat tagelyk ynformatyf en feestlik is. Tal fan flechtlingen sille derby wêze. De organisaasje hopet op in soad publyk dat flechtelingen in waarm hert tadraacht.
Sprekkers op de jûn binne ûnder oare: Klaas Harink fan Flechtlingewurk en gemeenteriedsleden. Bern út it asylsikerssintrum Dokkum sille dûnsje.