Dekker swimt rekordtiid

© Omrop Fryslân
Swimster Inge Dekker fan it Hearrenfean hat it Nederlânsk rekord 200 meter flinterslach ferbettere. Op de Europeeske kampioenskippen yn it 25 meter bad fan Wenen swom se in tiid fan 2.11'27". En dêrmei wie se krekt wat flugger as it âlde rekord. Dat stie al sûnt 1987 op namme fan Conny van Benthem.
It rekord fan Dekker wie net goed genôch foar in plakje yn 'e finale fan 'e Europeeske kampioenskippen.