Eigen fak foar Nieuw Noord
Supportersferiening Nieuw Noord fan fuotbalklub SC Heerenveen krijt earder as ferwachte in eigen fak. Dat soe earst by de oplevering fan it nije Abe Lenstra-stadion, mar kin no earder, omt de KNVB tastimming jûn hat foar steanfakken.
Takom seizoen brûkt Nieuw Noord it fak fan de besykjende partij, dat earne oars hinne ferhuzet. It seizoen dêrop komme se lyk achter it doel te sitten. It Nieuw Noord-fak wurdt in steanfak.