Snie-ûlen nei Aqua Zoo

© Omrop Fryslân
Aqua Zoo yn Ljouwert hat der trije nije bisten by. It binne snie-ûlen. Oan de ein fan it simmerseizoen is yn de bistetún al begûn mei it bouwen fan in hok foar dizze fûgels. Dat is koartlyn klear kommen.
De measte ûlen binne foaral nachts aktyf, mar by snie-ûlen is dat krekt oarsom. De namme fan de bisten hat te krijen mei de wite fearren fan de mantsjes. Meikoarten komme der noch in mantsje en in wyfke út Artis by.