Skylge net alhiel tsjuster

09 des 2004 - 12:13

De aksje om Skylge yn it tsjuster te setten, waard net troch de hiele eilanner befolking droegen. Doel wie om sa min mooglik ljocht te meitsjen, mar guon minsken hiene de ljochten gewoan oan en de gerdinen iepen.

De aksje wie in idee fan de miljeuwurk- groep op it eilân. Dy hie de gemeente frege de strjitlampen út te dwaan om sa de diskusje oer it ljochtgebrûk op gong te bringen. Boppedat stiet Skylge bekend om syn rêst en romte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)