Posthuma gasttrainer by Snits

© Omrop Fryslân
Ald-ynternasjonal Jan Posthuma is tongersdei gasttrainer by foljebalklup Snits. Hy moat de earste manlju's seleksje in ympuls jaan en klubtrainers kinne sa yn de kunde komme mei in toptraining.
Posthuma begûn as spiler yn Dokkum by DVC en spile letter by Animo yn Snits. Yn 1996 waard er Olympysk Kampioen mei it Nederlânske team. Foljebalklup Snits noeget takom jier Ruut de Wit en Toon Gerbrands út foar in gasttraining.