Anna Blamanhûs nei Tresoar?

09 des 2004 - 11:59

It Anna Blamanhûs ferhuzet mooglik nei it gebou fan Tresoar yn Ljouwert. Oft it Anna Blamanhûs folslein oergiet nei de Grienewei is net dudlik.

De needsaak foar de ferhuzing wurdt mei ynjûn troch de Ried foar de Kultuer. Dy hat besletten dochs noch 50.000 euro stipe te jaan oan de lanlike stifting dêr't it Anna Blamanhûs ûnder falt. Betingst is dat it argyf op in oar plak ûnderbrocht wurdt. Foar 1 maart moat der dúdlikheid oer komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)