Busstaking by Arriva

09 des 2004 - 11:13

Sjauffeurs fan ferfiersbedriuw Arriva gean tongersdei yn staking. De rjochtbank yn Utrecht joech de fakbûnen woansdei tastimming foar in staking fan in dei. Bûnen en direksje binne it net iens oer de 62 ûntslaggen dy't falle no't der 15 lijnen opheft wurde.

Undúdlik is oft der yn Fryslân folslein staakt wurdt. Neffens de lêste berjochten ride de bussen yn Ljouwert wol en yn Hearrenfean, Drachten en Easterwâlde net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)