Reboelje yn ried Wymbrits

© Omrop Fryslân
De sfear yn de gemeenteried fan Wymbritseradiel hat in nij djiptepunt berikt. Nei argewaasje oer de âlde skoarstienpiip yn Drylts is it no riedslid Durk Gaastra fan Gemeente- belangen dy't foar diskusje soarget.
Gaastra hat nei in diskusje oer de begrutting de riedsgearkomste ferlitten. Hy wie net tefreden mei antwurden fan boargemaster Reitsma. Hy sei dat er dy by amtners kontrolearje woe. Reitsma fûn dat net akseptabel.