Ferstival foar 62e kear hâlden

08 des 2004 - 17:24

De finale fan it Ferstival is sneon 11 desimber. Ferstival is in provinsjale foardrachtswedstriid foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis. It wurdt foar de 62ste kear hâlden.

Dit jier ha 157 learlingen fan 23 skoallen meidien oan twa foarrondes. De 47 finalisten stride yn trije leeftydsgroepen foar de heechste eare. Doel fan it festival is de jeugd yn 'e kunde komme te litten mei hjoeddeiske Fryske poëzij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)