Krite Bitgum fiert jubileum

08 des 2004 - 14:26

De Fryske Krite Karel Roarda yn Bitgum bestiet 75 jier. Foar dat jubileum wurdt freed 10 desimber in konsert hâlden yn Bitgummole. It kristlik mingd koar Halleluja sil lieten sjonge fan Gysbert Japiks.

By it konsert wurdt ek in cd oanbean mei 25 lieten en in trijetalige tekstbondel mei dêryn Midfrysk, it Frysk fan no en Nederlânsk. Ek ferskynt der in tinkboek fan de krite. De útjeften ferskine by Frysk en Frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)