Tryater krijt mooglik gjin stipe

© Omrop Fryslân
Tryater falt bûten de boat by de ferdieling fan 1,7 miljoen euro stipe fan de oerheid. Dat docht bliken út de foarstellen fan steatssekretaris Van der Laan.
It teaterselskip hie ynset op 400.000 euro. Dat is nedich om itselde nivo fêsthâlde te kinnen. Der moatte foarstellings skrast wurde as de Twadde Keamer akkoart giet mei it foarstel. Op 23 desimber stimt de Twadde Keamer oer de ferdieling fan de 1,7 miljoen euro.