Ekskuzes fan wethâlder

08 des 2004 - 11:52

De gemeente Dantumadiel hat net dúdlik genôch west oer de plannen foar de werynrjochting fan de Koemarkt yn Feanwâlden. Wethâlder Dantuma joech dat tiisdei ta yn in ekstra riedsgearkomst.

Al tsien jier wurdt praat oer de werynrjochting fan Feanwâlden. De saak sit op 't slot troch beswieren fan omwenners. De ried wie tiisdei tefreden mei de ekskuzes fan de wethâlder. In moasje fan it CDA dy't frege om mear dúdlikheid, krige dan ek gjin stipe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)