Posityf oer nij havenplan Hylpen

08 des 2004 - 11:41

It havenplan foar Hylpen is posityf ûntfongen yn de ried fan Nijefurd. Allinnich de fraksje fan GrienLinks sjocht neat yn de plannen foar de opwurdearring fan it gebiet om de haven hinne. Neffens dy partij lûkt de opknapbeurt net mear minsken. Dat soe ek net moatte om't it simmers al te drok is yn Hylpen.

It kolleezje wurket de plannen fierder út. De totale kosten foar it havenplan wurde rûsd op sawat 1,3 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)