Gjin priis foar Easterbarren

© Omrop Fryslân
Easterbarren yn Eastermar hat gjin priis wûn by it Nationale Compliment foar 2004. It komplimint is foar it bêste frijwilligersprojekt fan Nederlân. De earste priis gie nei in handikapteprojekt yn Limburch.
It strjitfestifal Easterbarren wie nominearre foar de priis. Hoewol't flink wat minsken frege wienen te stimmen foar de publykspriis, gie ek dy priis oan de noas fan de ynwenners fan Eastermar foarby.