Publyk frege by opname konsert

07 des 2004 - 16:22

Omrop Fryslân radio makket sneon 11 desimber opnamen fan it Krystkonsert op De Jouwer. Publyk kin dêrby wêze. It konsert wurdt útfierd troch it Frysk Jeugd Harmony Orkest mei it Frysk Jongerekoar. Neist Krystlieten en in musical wurdt wurk útfierd fan Alfred Reed en Jacob de Haan.

Publyk kin sneon om 20.15 oere telâne yn De Oerdracht. Kaarten kostje seis euro. Omrop Fryslân radio stjoert it konsert út op earste Krystdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)