Allochtoanen komme min oan wurk

© Omrop Fryslân
Heech oplate allochtoane froulju kinne amper oan wurk komme yn Fryslân. Dat sei Bonenschansker fan it Bureau voor Beleidsonderzoek by in debat. Der binne in soad wurkleaze allochtoanen en allochtoanen mei wurk ha it dreech om har posysje te hâlden.
Oarsaken binne te min allochtoane ûndernimmers, in ferkearde mentaliteit fan de Fryske ûndernimmers en it grutte tal útfallers op de kursussen foar ynboargering.