Nij muzykfestival yn Nijlân
Under de namme Hark! sil de Stifting Aaipop op sneon 26 maart yn Nijlân in nij muzykfestival hâlde. Der wurdt dan in jûnfoljend programma brocht fan Fryske muzyk yn de harksankjesfear. De lokaasje is in grutte teatertinte op it terrein fan De Mande.
Ernst Langhout, Jaap Louwes en Piter Wilkens binne in tal fan de optredende artysten. Hark! is in gefolch fan de nije opset fan Aaipop. Dêryn driigden de harksankjes te ferdwinen.