Steanplakken by fuotbal meie wer

© Omrop Fryslân
Steanplakken yn it betelle fuotbal binne wer tastien. Nei suksesfolle proefprojekten, by SC Hearrenfean, is de KNVB moandei akkoart gien.
Plysje, justysje en de boargemaster moatte tastimming jaan foar in fak mei steanplakken. Der meie net mear as tûzen plakken wêze, alle supporters moatte fûlleard wurde en der moatte fideo-opnames makke wurde. Foar wedstriden yn Europeesk ferbân binne steanplakken noch wol ferbean.