Burgumer linebeam ferhuze

07 des 2004 - 10:08

In 60-jierrige linebeam is moandei út it sintrum fan Burgum wei ferhuze. De beam, dy't 12.000 kilo weget, moast plakmeitsje foar in kompleks mei apparteminten.

Der wie al in kapfergunning ferliend, mar dochs is de beam noch rêden fan de kachel. Undernimmer Hessel Bouma woe graach in moaie beam foar syn saak en hy hie dêr wol in pear tûzen euro foar oer. De beam kin op syn nije plak noch desennia mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)