Fûgelpits docht bloedûndersyk

© Omrop Fryslân
De Fûgelpits yn Moddergat sil yn de takomst sels bloedûndersyk dwaan by fûgels dy't by de opfang binnen komme. Meiwurkers fan de Fûgelpits ha de ôfrûne wiken in yntinsive kursus folge om te learen hoe't soks moat.
No is it noch sa dat der fan sike fûgels bloedmeunsters opstjoerd wurde nei in laboratorium. Soks kostet in soad tiid en jild. Foar de apparatuer dy't nedich is foar it bloedûndersyk is in pear tûzen euro nedich.