Files troch steuring brêge

© Omrop Fryslân
In steuring hat der moandei foar soarge dat de Drachtsterbrêge by Ljouwert in oere omheech stien hat. Dêrtroch stiene der op de Wâldwei lange files.
Troch in mankemint oan it ophelsysteem koe de brêge net mear nei ûnderen ta. Dat barde krekt yn de spits, tusken sân en acht oere. It ferkear waard omlaat fia de Van Harinxmabrêge, mar ek dêr stiene de auto's al gau stil. Monteurs fan it wetterskip ha de steuring ferholpen.