Klapper foar dieven
Der is fan it wykein trije-en-in-heale pallet fjoerwurk stellen út in frachtauto yn Ljouwert. De frachtauto wie fan Schuurmans Vuurwerkfabriek en stie op in bedriuweterrein oan de Harnzertrekwei.
De dieven hawwe it stek fernield om binnen te kommen. As se bliid binne mei de bút stiet noch te besjen: dy bestiet benammen út bernefjoerwurk lykas stjêrkes en klaptoutsjes.